30 juni 2025
Fan hjoed ôf stiet it FuzeField op it plein fan VSO ‘De Wingerd’ — en dêr binne wy grutsk op! 🌱

De reis begûn op 6 july 2022 mei in frachtwein fol demo-plezier. Dêrnei folgen plannen, finansjes, ynstimming en… aksje!
👷♂️ Trije manlju moarns betiid oan it wurk
🔌 FuzeBox en skerm yn ‘e hal
🎮 En yn ‘e iere middei: De earste studinten oan it Fuzen!
It wie PRAACHTICH om te sjen hoe rap se it oppikten en folslein selsstannich oan it spieljen giene.
Fanút Fryslân: Op nei mear FuzeFields! 💪